Van 2 t/m 10 november vindt de Fryske Boekwike plaats. Meindert Talma schreef daarvoor dit jaar het Kadoboek, zeg maar het Friese Boekenweekgeschenk. Onder de titel Wynroas verschijnt dit bij de Friestalige uitgeverij Regaad en dit boek is in de genoemde week gratis verkrijgbaar voor iedereen die voor minimaal € 15,00 aan Friese boeken koopt. Ook verzorgt Meindert Talma in die week een aantal optredens. Die zijn eveneens gratis te bezoeken, maar plaatsreservering is van harte aanbevolen.
Deze activiteiten hebben er toe geleid dat Gezinsverbijstering, deel 3 in de reeks Nederlands Onbekendste Popster, iets later uitkomt dan oorspronkelijk gepland. Releasedatum hiervoor wordt nu definitief 24 januari 2025.
Verder informatie in het Fries:
Freed 1 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn De Kanselarij yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2024. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Wynroas’ fan Meindert Talma presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 2 o/m 10 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel.
Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skreau it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre hy mei de autobiografyske roman ‘Dammen met ome Hajo’, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel ‘De Blauwe Fedde yn petear’. Yn 2003 ferskynde fan him de roman ‘Kriebelvisje’. Dêrop folgen de dichtbondel ‘Laat het orgel jammeren’ (2011) en de romans mei muzykalbums ‘Kelderkoorts’ (2013), ‘Je denkt dat het komt’ (2017) en ‘Gezinsverbijstering’ (septimber 2024).
Oer it Kadoboek ‘Wynroas’
‘Ik haw in soad min folk op myn wei kend, meastal wiene se al gau wer út myn libben ferdwûn, mar fan alle minsken dêr’t ik mei te krijen hân haw, komt Gerrit Huidekoper jr. it tichtst by de kwalifisearring ‘myn grutste en koppichste fijân’. Meindert Talma skreau mei Wynroas it Frysk Kadoboek 2024, in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin.
De Fryske Boekewike wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek en docht dat troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Fryske Boekewike, de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân.
Optredens Meindert Talma
Yn it ramt fan de Fryske Boekewike – fan 2 o/m 10 novimber – fersoarget Meindert Talma fiif optredens oer it Kadoboek: ‘Wynroas‘, dat er spesjaal foar de Fryske Boekewike skreaun hat. ‘Wynroas’ is in autobiografyske, tragikomyske novelle mei in spannende en dramatyske ôfrin.
Live is ‘Wynroas’ in audiofisuele trip fan in oere, dy’t dy meinimt yn in ferteld en songen (film)ferhaal oer in fûleindich konflikt dat Meindert Talma krige troch in liet op De Zee Roept, it album by it fotoboek fan Tryntsje Nauta oer de studinten fan de seefeartskoalle op Skylge.
- Tiisdei 5 novimber, 19.30 – 21.00 oere, bibleteek Drachten
- Woansdei 6 novimber, 19.30 – 21.30 oere, bibleteek Dokkum
- Tongersdei 7 novimber, 20.00 – 21.30 oere, Podium Gorter, Balk
- Freed 8 novimber, 19.30 – 21.30 oere, bibleteek It Hearrenfean
- Snein 10 novimber, 19.30 – 21.30 oere, Podium Explore
Alle optredens binne fergees tagonklik en by alle optredens is in ferskaat oan Fryske boeken te keap. It Frysk Kadoboek’Wynroas’ is de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen by oankeap fan €15,00 oan Fryske boeken.